Algemien

Mediation: Mienskiplike oplossing.
Mediation is it mei-inoar oplossen fan in skeel mei help fan in neutrale, dus ûnpartidige en ûnôfhinklike konfliktbemiddeler. As NMI en IMI sertifisearre mediator, ek Rjochtbank mediator, kin ik jo en de oar helpe by it finen fan in mienskiplike oplossing. Grut foardiel is dat jo de baas bliuwe oer de oplossing fan jo skeel en jo relaasje net ûnnedich beskeadige wurdt.
Frijwillich en fertroulik
Wichtich útgongspunt foar mediation binne frijwilligens en fertroulikens. Jo noch de oare kin twongen wurde oan mediation mei te dwaan. Dielnimmers ferbine har foarôf oan geheimhâlding. Fertroulikens is fan belang om frijút prate te kinnen yn in besluten en feilige omjouwing.
It mediationproses
Earst wurde de stânpunten fan beide partijen yn de breedte en de djipte ferkend en dernei wurdt fêststeld wat it eigenlike skeel is, wêr’t de dielnimmers in oplossing oer berikke wolle. Dan wurdt neigongen wat de belangen, de behoeften binne dy’t de grûnslach foarmje fan it konflikt. As dat dúdlik wurden is wurdt in folchoarder fan prioriteit bepaald. Hjirnei folget in kreatyf proses fan it betinken fan mooglike oplossings foar dizze tsjinstridige behoeften en belangen. De foarstellen wurdt hifke op brûkberens en of it te dwaan is. Oan de ein wurdt besocht om ta en mienskiplik droegen beslút te kommen, meastal fêstlein yn in oerienkomst. Dêrmei eindiget de mediation.
Video mediationproses
Fotopresintaasje mediationproses





Afdrukken
Nederlands
Frysk